Gordykster oppakt nei oerfal

Winkelman Knol foar syn winkel
In Gordykster (34) is sneon oanhâlden foar de wapene oerfal op de Primera yn syn wenplak op sneontemoarn. De man waard oppakt by de benzinepomp op de Stasjonswei. De eigner fan 'e tabakssaak yn de Haadstrjitte rekke ferwûne by oerfal.
De twa oerfallers kamen de winkel yn doe't eigner Frans Knol dy om healwei achten fan 'e moarn iepen die. Se fregen om in pûde mei jild, mar dat wegere Krol, ek nei ferskate drigeminten.