Part KvK nei Grins

Achttjin meiwurkers fan de Keamer fan Keaphannel yn Ljouwert moatte tenei nei Grins foar har wurk. De organisaasje wol de meiwurkers fan it hannelsregister fan alle Keamers fan Keaphannel yn it Noarden byelkoar bringe. Sa kin der neffens har effisjinter wurke wurde.
De klanten fan de Keamer sille der neffens de organisaasje neat fan fernimme. Op it plak dat yn it kantoar frijkomt moat in ûndernimmersplein komme.