PC's mei berneporno ynnaam

It bernepornoteam fan de plysje hat freed op trije plakken ynfallen dien. Yn Boarnsterhim, Drachten en Ljouwert waarden kompûters yn beslach naam om't dêr mooglik berneporno op stiet. De kompjûters wurde troch de boppe regionale resjerzje ûndersocht. As der berneporno op stiet wurde der letter noch oanhâldings dien.
It spesjalistyske team fan de plysje bestiet no twa jier en hat yn dy tiid 47 oanhâldings ferrjochte. In tal fertochten is yntusken feroardield.