Jorritsma: Soargen oer kultuer

10 des 2010 - 17:36
  • Herma Bovenkerk krijt de Fryske Anjer (foto: Remco de Vries)

Kommissaris John Jorritsma is it net iens mei de hurde besunigings fan it Ryk op de kultuer. Dat sei er freedtemiddei yn Ljouwert by de útrikking fan de Fryske Anjer oan Herma Bovenkerk út Koudum.

Jorritsma rikte de ûnderskieding út as foarsitter fan it Prins Bernard Kultuer Fûns. Hy fynt benammen de BTW ferheging op kultuer fan 13 prosint te fier gean. De druk op it Prins Bernard Kultuer Fûns om no jild yn kulturele inisjatieven te stekken wurdt grutter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)