Sâltfoarried hurd minder

De ôfrûne wiken is der in behoarlike oanslach dien op de sâltfoarried fan Frisia Sâlt yn Harns. Dat seit direkteur Laurens Mulder. Partijen dy't gjin kontrakt mei Frisia hawwe kinne gjin struisâlt mear krije.
Neffens Mulder hat Frisia oant desimber wurk hân fan it oanfoljen fan de sâltfoarried nei de ôfrûne strenge winter. Sa moat de Harnzer produsint sâlt út Sily wei helje. Ek AkzoNobel liet freed witte dat it sâlt op rantsoen giet.