Trekkers op N357 by Stiens

10 des 2010 - 12:43

Tusken Stiens en Ljouwert meie fan 20 desimber ôf trekkers op de dyk, de N357, ride. Dat hat de provinsje besletten. Oant no ta moasten de trekkers oer de parrallelwei njonken de dyk ride.

Op dy parrallelwei ride alle dagen 3000 fytsers en scooterriders. De tsjientallen trekkers dy't har alle dagen foarby ride, soargje foar gefaarlike situaasjes. Neffens de provinsje kinne de trekkers prima op de haaddyk ride.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)