Lemster jout sân brannen ta

10 des 2010 - 10:25

In 43-jierrige Lemster hat tajûn dat er sân brannen oanstutsen hat yn it sintrum fan De Lemmer. Tusken jannewaris en novimber dit jier wiene der op De Lemmer 41 brannen. Dy soargen foar in soad ûnrêst. Der binne no yn totaal trije minsken oanhâlden. Dy hawwe dy brannen oanstutsen, mar der is gjin ferbân tusken de trije.

De plysje kaam de brânstichters op it spoar troch tips fan tsjûgen, tips fia Burgernet en gearwurking mei bewenners en ûndernimmers op De Lemmer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)