Ungelokken troch glêde diken

10 des 2010 - 10:17
  • De auto by Burchwert wurdt fuorthelle

By Burchwert is freed troch glêdens in auto fan de dyk rekke en op 'e kop yn de sleat bedarre. De 31-jierrige bestjoerster út Ljouwert is troch helptsjinsten út de auto helle en swierferwûne nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. Mei in helikopter binne spesjalisten út Grins nei Ljouwert flein om it medysk personiel dêr by te stean.

By Grou is in man ferwûne rekke doe't er mei syn auto tsjin in beam ried. Hy is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)