Acht Fean-supporters oppakt

10 des 2010 - 09:50

De plysje hat earder dizze wike acht supporters fan SC Hearrenfean oanhâlden en heard. Se waarden derfan fertocht dat se nei de thúswedstryd tsjin Vitesse, op sneon 11 septimber, sûnder oanlieding trije Vitesse-supporters oanfallen hiene. De trije rekken ferwûne en moasten troch in dokter behannele wurde.

De plysje prate mei tsjûgen en beseach fideo-bylden. Op basis dêrfan waarden dus acht minsken oanhâlden. Trije dêrfan krigen proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)