Staking by AGC Easterwâlde

10 des 2010 - 09:42

Tsientallen meiwurkers fan it glêsfabryk AGC yn Easterwâlde hawwe har freed ynskreaun foar in staking fan 24 oeren by it bedriuw. De moarns- en middeisploech fan it fabryk sammelen har earst foar de poarte en geane dêrnei nei hotel-restaurant De Zon. Dêr koene se har ynskriuwe.

De meiwurkers binne ûntefreden oer it útbliuwen fan in nije CAO en fiele har ûnder druk set troch de direksje. Dy woe net reagearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)