Allochtoane libbensferhalen

It moat makliker wurde foar bûtenlânske froulju om wurk te finen. Dat fine allochtoane froulju út Fryslân dy't it boek 'Stille Strijders' skreaun hawwe. Yn dit boek stean tsien persoanlike ferhalen fan froulju út ferskate lannen.
Se rûnen tsjin in soad problemen oan doe't se nei Nederlân kamen. Sa moasten se in nije taal en kultuer leare, mar dêrneist fûl it har ek net mei om in baan te krijen. Tongersdei waard dit boek offisjeel presintearre.