Minder animo foar kursus Frysk

De belangstelling foar edufrysk.nl nimt wol ta
It tal amtners dat in kursus Frysk by de Afûk folget is de ôfrûne jierren bot ôfnaam. Dat hat te krijen mei de weryndieling. Afûkdirekteur Eekma ferwachtet dat it tal amtners dat in kursus folget yn 2011 wer tanimme sil. De nije Súdwesthoekegemeente hat in aktyf taalbelied.
It tal kursisten fan bûten Fryslân is ek ôfnaam. Troch de krisis hawwe minder minsken in nije baan krigen yn Fryslân. It tal minsken dat in kursus folget op ynternet is wol bot tanaam.