AED's ek jûns en wykeins brûke

09 des 2010 - 16:36

Doarpsbelang Wommels wol graach dat de AED's yn it doarp ek jûns en yn it wykein beskikber binne. De apparaten, dy't fan libbensbelang wêze kinne by it hertoanfal, hingje op it stuit benammen by bedriuwen en ynstellings. Bûten kantoartiden sitte se achter slot en grindel.

Doarpsbelang is no yn ûnderhanneling oer de mooglikheden foar spesjale bûtenkasten. Der soene ek nije lokaasjes foar de al oanwêzige AED's komme moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)