"Boeren moatte natuer keapje"

09 des 2010 - 16:31

Boeren moatte stikjes greide oernimme fan Steatsboskbehear foar in better greidefûgelbehear. Dat fynt argraryske natuerorganisaasje BoerenNatuer.

Boerelân grinzet faak oan natuer. Foar it behear binne boeren ôfhinklik fan hoe't Steatsboskbehear mei de eigen grûn en de beplanting omgiet. Troch oankeap fan 'e hoekjes grûn is it makliker in goed fûgelbehear op te setten. Oft de boeren it ek echt keapje wolle, hinget ôf fan 'e priis en de behearssubsydzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)