Omrin út twa gemeenten wei

09 des 2010 - 12:42

Offal yn de gemeenten Dantumadiel en Dongeradiel wurdt fan 2013 net mear ophelle troch Omrin. Dat is woansdei yn in besletten gearkomste besluten troch de beide gemeenterieden. Offalferwurkingsbedriuw Sita stjoerde fan 'e wike in brief oan dy riedsleden dat sy it goedkeaper kinne.

De gemeenten fûnen earder ek al dat der in ein komme moast oan de relaasje mei Afvalsturing Friesland. Dat soe yn 2011 barre, mar wurdt no twa jier letter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)