Marit Bouwmeester wint Sydney

09 des 2010 - 11:52

Marit Bouwmeester liket klear foar de earste wrâldbekerwedstriid fan it seizoen. Dy begjint op 12 desimber yn Melbourne. Har generale yn de Laser Radial, de ynternasjonale regatta Sail Sydney, wûn de Wartenster mei oermacht. Fan de njoggen races waarden der fjouwer wûn. Trije kear waard Marit twadde, ien kear tredde en it minste resultaat wie in sechsde plak.

Lasersiler Roelof Bouwmeester reizget nei Melbourne mei in sechsde plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)