Farferbod op Iselmar

Kruiend iis op Iselmar
Op 'e Iselmar jildt sûnt tongersdeitemoarn in farferbod foar de skipfeart. It waait dêr hurd en oerwaaiend iis soarget foar gefaarlike situaasjes. Boppedat is der in soad kruiend iis. Dêr kinne skippen yn fêst reitsje.
Neffens de betsjinning fan de Margrietslûs op 'e Lemmer moatte skippen no ferplicht yn konfoai farre mei iisbrekkers foarop. Fiif iisbrekkers hâlde de fargeulen op 'e Iselmar iepen.