"Asylsikers net op strjitte"

09 des 2010 - 11:19

It AZC yn Drachten hat dizze wike gjin útprosedearre asylsikers op strjitte set. Dat seit in wurdfierder fan it COA. Neffens in wurkgroep fan de Ried fan Tsjerken yn Drachten binne twa manlju yn de frieskjeld der útset. Se melden harren op in sprekoere by de tsjerke en fregen om ûnderdak.

Fanwege de kjeld hat minister Leers fan Yntegraasje en Ymmigraasje bepaald dat der foar ûnbepaalde tiid gjin asylsikers útset wurde meie. De manlju wurde no opfongen troch de tsjerke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)