Grut part Fryslân wynmûnefrij

09 des 2010 - 11:08

Yn in grut part fan de provinsje meie gjin wynmûnen mear boud wurde. Dat stiet yn in provinsjale skets foar nij wynmûnebelied. De turbines meie inkeld yn groepkes stean en dan benammen yn Noard- en Midden-Fryslân. Yn bygelyks de Súdwesthoeke en de Stellingwerven mei eins hast neat mear.

Der meie inkeld nije mûnen komme as âlde ferdwine. De nije, hegere mûnen hawwe mear rendemint. De provinsje sil oerlizze mei gemeenten, natuerklups en wynmûne-eigners oer de plannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)