Trekker fan A7 helle

09 des 2010 - 09:57

De plysje hat woansdei op de A7 by De Jouwer in trekker fan 'e dyk helle. Dêr ried in jonge fan 16 jier op. Hy komt út Reeuwijk. De jonge ried op 'e flechtstrook. Tsjin de plysje sei er dat syn navigaasje oanjûn hie dat er de sneldyk op moast. Trekkers meie net op 'e sneldyk. Doe't de jonge trochkrige dat er ferkeard siet, besleat er op de flechstrook te riden, om't er net mear omkeare koe. De jonge hat in bekeuring krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)