Winterwille op Fryske iisbanen
It liket der de kommende dagen net echt mear fan te kommen, mar woansdei koe elkenien noch folop reedride op de Fryske iisbanen.
Foar tongersdei wurde flinke sniebuien ferwachte en dit wykein is it teiwaar. De kâns is grut dat de iisbanen yn Fryslân dan net iepen binne.