Excelsior bliuwt bestean

08 des 2010 - 22:18

Brassband Excelsior út Feanwâldsterwâl kin sa't it no liket dochs bestean bliuwe. Se ha wer genôch leden. Dizze simmer luts de band oan 'e belle omdat se te min leden hiene en dêrtroch te min jild.

As dat net feroare soe de band noch foar de ein fan dit jier ophâlde moatte. De ôfrûne tiid binne der lykwols genôch blazers bykaam. Excelsior docht takom jier ek wer mei oan brassbandwedstriden. Dat koe dit jier net fanwege te min leden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)