Sneldyk wer iepen

08 des 2010 - 21:37

De sneldyk tusken Ljouwert en Marsum is wer iepen. De dyk waard woansdeitejûn ôfsletten neidat der troch de glêdens ferskate auto's yn 'e berm rekke wiene. Dat kaam omdat it izele hie. Ek it ferfolch fan de dyk nei Harns wie glêd, mar dat hoegde net ôfsletten te wurden.

De plysje warskôget derfoar dat it noch wol hieltyd glêd wêze kin. Dat jildt foar de hiele provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)