Resto VanHarte bestiet 5 jier

Minimarestaurant VanHarte yn Ljouwert bestiet fiif jier. Om dit te fieren wie sjongeres Anneke Douma woansdeitemiddei op besite. Se dielde de earste Resto VanHarte kadobon út. Foar de bon fan 15 euro kin in menu fan trije gongen besteld wurde.
Resto VanHarte wol minsken yn 'e kunde komme litte mei oare kultuer en achtergrûnen. Dizze wike steane alle 25 Restos yn it lân yn it ramt fan it jubileum fan de lanlike organisaasje.