Probleem glêde ôfrit ferholpen

08 des 2010 - 14:57

Skarsterlân hat maatregels nommen om foar te kommen dat auto's út de bocht fleane by Aldehaske. Ein augstus fleagen meardere auto's by de ôfrit fan de A7 by Aldehaske út de bocht.

De gemeente tocht dat der oalje op de dyk lei, mar nei mjittings kaam oan it ljocht dat de dyk te glêd wie. Dat komt mooglik troch sân fan in winningsput yn de buert. Dat sân is ynriden yn it asfalt. Mei in spesjale masine is it probleem woansdei foarearst ferholpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)