Minister besjocht saak Sahar

08 des 2010 - 14:17

Sahar (14) út Sint Anne mei mooglik dochs yn Nederlân bliuwe. Minister Leers fan Ymmigraasje en Asyl hat tasein nochris nei de situaasje fan har en har famylje te sjen.

It gesin kaam goed tsien jier lyn út Afganistan nei Nederlân. Se ha trije kear besocht in ferbliuwsfergunning te krijen. De opposysje die in oprop om har dochs dy fergunning te jaan. Benammen Sahar soe it dreech krije. Se is hiel westers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)