Botsing lei net oan technyk

08 des 2010 - 14:12

De botsing tusken de fearboat fan Wagenborg en in baggerskip tiisdei hie gjin technyske oarsaak. Dat hat de Ynspeksje fan Ferkear en Wettersteat bekend makke. Beide skippen rûnen by de oanfarring krekt bûten de haven fan Holwert skea op oan de boech. Net ien rekke ferwûne.

Rykswettersteat en de plysje ûndersykje de saak noch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)