Ljeppers nei Spelen Litouwen

08 des 2010 - 13:45
  • Twa jier lyn waard yn Korea ljept

In tal Fryske fierljeppers sil yn 2012 meidwaan oan de 'World Sport for All Games'. Dat binne de alternative Olympyske Spelen. Se wurde hâlden yn Litouwen.

Foar de ljeppers is it de twadde kear dat se meidwaan meie oan dizze Spelen foar tradisjonele sporten. Yn 2008 wiene de ljeppers yn Súd-Koreä. Der wurdt besjoen oft dit grutte evenemint yn 2016 yn Fryslân hâlden wurde kin. Yn jannewaris 2011 falt dêroer it beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)