Waadkonferinsje yn Ljouwert

08 des 2010 - 12:40

Twahûndert ekologen en wittenskippers prate de kommende dagen oer de Waadsee. De dielnimmers komme út Nederlân, Dútslân en Denemarken.

It giet om ûndersiken nei de natuer yn it Waadgebiet, mar ek oer ekonomy en duorsumheid. Doel fan de konferinsje is te sjen oft by ûndersiken mear gearwurke wurde kin. Foar Nederlân spilet de Waadakademy yn Ljouwert dêrby in grutte rol. De konferinsje wurdt hâlden yn Ljouwert en duorret oant en mei freed.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)