Fragen oer klimaat op skoalle

08 des 2010 - 12:36

It CDA yn de gemeenteried fan Ljouwert wol dat it kolleezje wurk makket fan it binnenklimaat op skoallen. Ut ûndersyk docht bliken dat yn Ljouwert op in tal skoallen problemen binne. It giet om de luchtkwaliteit en problemen mei de akoestyk. Yn in brosjuere fan it ministearje stiet dat by nijbou en renovaasje it binnenklimaat op skoallen goed wêze moat.

It kabinet hat dêr 100 miljoen foar beskikber, mar gemeenten moatte dêr ek oan meibetelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)