Kolleezje SWF foar 2011 klear

Der moat foar 1 jannewaris in nij kolleezje foarme wêze foar Súdwest-Fryslân. Dat wol it CDA. By de ferkiezings fan 24 novimber waard it CDA de grutste partij mei 10 fan de 37 sitten. Sy moatte it foartou nimme by de foarming fan it nije kolleezje.
Dizze wike binne de earste petearen tusken de fraksjefoarsitters fan de partijen yn de nije gemeenteried en ynformateur Aalberts. Nije wike komt der in rapport en 20 desimber folget in iepenbier debat.