Qbuzz rydt winters mear

Qbuzz past de tsjinstregeling op guon plakken yn Súdwest-Fryslân oan. Yn 'e winter wurde der mear bussen ynset, fan 't simmer ride der minder. Der komme ekstra ritten op lijn 19 fan Ljouwert nei Assen, fia Burgum en Drachten. Yn 'e simmerfakânsje ferfalt it trajekt Drachten, Nij Beets, Akkrum.
De giele skoalbussen wurde ferfongen troch reedlik nije bussen mei OV-chipapparatuer. Yn maart ha alle bussen fan Qbuzz OV-apparatuer, ek yn Grinslân en Drinte.