Jild om earmoed te bestriden

De provinsje stekt acht ton yn projekten dy't earmoed bestride moatte. It giet om sân projekten. Sa giet 140.000 euro nei in projekt dat swangere froulju ynformearret oer sûn gedrach. Nochris in ton wurdt stutsen yn in projekt dat minsken mei in minimumynkommen ynformaasje jout oer koartings.
Neffens deputearre Adema is it belangryk dat de oererving fan earmoed tsjingien wurdt. Sûnt trije jier hat Fryslân in provinsjaal earmoedfûns.