Elektryske auto by Wetterskip

08 des 2010 - 10:51

Wetterskip Fryslân keapet yn 2011 twa elektryske auto's. De oanskaf past yn it stribjen om duorsum te wurkjen. De eletryske auto's wurde lanlik ynkocht. Neffens Wietze de Haan, lid fan it deistich bestjoer, is elektrysk ferfier ien fan de meast kânsrike technologyen as it giet om de fermindering fan CO2-útstjit.

Al tritich bedriuwen en organisaasjes ha har oansletten by de lanlike groep dy't de auto's ynkeapet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)