Ledljocht oan provinsjale dyk

08 des 2010 - 10:42

Alle provinsjale Fryske diken krije fan takom jier ôf led-ferljochting. Ek wurdt sjoen oft ferljochting nedich is en oft der alternativen binne. Doel is de útstjit fan CO2 werom te bringen. De kommende jierren wurdt 2,5 miljoen ynvesteard yn led-ferljochting. It moat, neist de miljeu-foardielen, in jierlikse besparring fan 50.000 euro op enerzjykosten opsmite.

De provinsje freget ûndernimmers oan provinsjale diken om nachts de reklame út te setten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)