Tsjûgen socht fan oanriding

08 des 2010 - 10:37

De plysje siket in autobestjoerder dy't trochriden is nei in oanriding. Yn it sintrum fan Snits waard tiisdeitemiddei in frou oanriden. Se rûn oer de Kleine Kerkstraat, doe't se oanriden waard. De feroarsaker fan it ûngelok naaide dêrnei út yn de rjochting fan de Markstraat.

It slachtoffer rûn troch it ûngelok in brutsen skouder op. Minsken dy't wat sjoen ha, kinne kontakt opnimme mei de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)