Skip fart tsjin peallen brêge

08 des 2010 - 10:14

In binnenfeartskip is tiisdei tsjin peallen ûnder de brêge by Spannenburch botst. Dêrby binne fiif peallen omfearn. By de oanfarring rekke net ien ferwûne. Op dat stuit wie it tige mistich.

De peallen kinne net earder as yn april ferfongen wurde. Dat hat te krijen mei it feit dat de reparaasje iepenbier oanbestege wurde moat. It is ûndúdlik oft der tydlik peallen ûnder de brêge by Spannenburch pleatst wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)