Oerfal mislearre troch glêdens

In oerfal mislearre tiisdei troch de glêdens. Yn Grou waard in frou (54) troch twa oerfallers beetpakt. Se hie de hûn útlitten en soe wer yn 'e hûs. De frou joech de manlju in triuw. Dy glieden fuort en koenen sa it hûs net ynkomme.
De frou die de doar ticht. De manlju naaiden út yn de rjochting fan de Stasjonswei. De plysje freget minsken dy't wat sjoen ha har te melden.