Mear Frysk yn doarpskranten

Littenseradiel biedt skriuwers fan doarpskranten of doarpswebsiden in kursus Frysk oan. De stikjes yn de krantsjes wurde faak yn 't Nederlânsk skreaun. It gemeentebestjoer sjocht dat leaver oars.
De auteurs kinne yn acht lessen Frysk skriuwen leare. As ekstra oantrún wurdt alle jierren in priis fan 500 euro útloofd foar de bêste Frysktalige bydrage oan de doarpssjoernalistyk.