Spul oer opropsjauffeurs

07 des 2010 - 22:25

It fakbûn FNV Bondgenoten is min te sprekken oer de nije arbeidsoerienkomst fan 150 Qbuzz-sjauffeurs yn it Noarden.

It bûn fynt dat de nije kontrakten de opropsjauffeurs gjin inkele garânsje biede op in fatsoenlik ynkommen, wylst se wol dei en nacht klear stean moatte. Qbuzz sels fynt it net mear as normaal dat opropkrêften gjin fêste oeren wurkje. Likegoed sil de ferfierder besykje de sjauffeurs safolle mooglik sekerheden te jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)