Apotheker beneamd yn SWF

Hayo Apotheker is troch de fraksjefoarsitters fan de nije gemeenteried beneamd ta waarnimmend boargemaster fan de Súdwesthoeke-gemeente. Yn septimber makket de gemeenteried in definitive kar.
De beneaming fan Apotheker waard bekendmakke by de ûndertekening fan in gearwurkingsaginda tusken Súdwest-Fryslân en de provinsje. Dêryn binne ôfspraken makke oer it oparbeidzjen by fersterking fan wetterfronten, stedssintra, de Starumer slús en mear.