Trije dagen gjin post

De poststaking fan trije dagen giet troch. Fan tiisdeitejûn alve oere ôf lizze de postboades it wurk del. It is de tredde poststaking yn koarte tiid.
Brievebussen wurde wol leechhelle, mar post wurdt net besoarge. De fakbûnen en direksje fan TNT Post kinne it net iens wurde oer it tal twongen ûntslagen by de reorganisaasje fan it postbedriuw. TNT wol 11.000 postrinners dien jaan en ferfange troch goedkeapere postbesoargers.