Staking by AGC Easterwâlde

07 des 2010 - 17:34

De meiwurkers fan glêsfabryk AGC yn Easterwâlde lizze freed foar 24 oeren it wurk del. Dat is tiisdei besletten op in gearkomste fan de fakbûnen. By it glêsfabryk wurkje 65 minsken, op de fêstiging yn Tiel wurkje 135 minsken.

Al sûnt maaie is der in konflikt oer in nije cao. Ferline wike spruts de direksje neffens de bûnen driigjende taal. As de meiwurkers net ynstimme soene mei it einbod dan soene de plande ynvestearrings yn de Fryske fêstiging weromdraaid wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)