Gjin beslút Polderhoofdkanaal

07 des 2010 - 16:51

Dit jier komt der gjin beslút mear oer it Polderhoofdkanaal. Doel wie dat moandei mear dúdlikheid oer it projekt komme soe, mar de gemeenteried fan Opsterlân koe it net besprekke. Der moat earst dúdlikheid wêze oft it ryk akkoart giet mei it befarber meitsjen fan it kanaal tusken Nij Beets en De Feanhoop.

It ministearje fan lânbou moat noch tastimming jaan foar ferskate ûntheffings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)