Jild boarterstún yn Havankpark

07 des 2010 - 14:04

It Oranje Fûns jout 8000 euro oan de realisaasje fan in boarterstún yn it Ljouwerter Havankpark. De wykferiening is al jierrenlang dwaande om mei de bewenners in plan te meitsjen foar in boarterstún en genôch jild byelkoar te krijen.

Mei it jild fan it Oranje Fûns is it plan wer in stap tichteby kaam. De boarterstún krijt de foarm fan in ferkearsparkje mei ûnder oare fiktive diken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)