Genôch wurk by DHL

By koeriersbedriuw DHL yn Drachten is genôch wurk en dus ek gjin reden om minsken kontraktoeren ôf te pakken. Dat seit Frans Westerman fan CNV Vakmensen. It personiel moat de helte fan it tal oeren ynleverje.
Neffens DHL is der gjin wurk mear foar dy minsken, it fakbûn seit fan wol. It CNV wol dat der in ûndersyk komt nei de fraach oft it mooglik is de banen by DHL te behâlden. It giet yn Drachten om tolve minsken, oer alle fêstigings giet it om 370 persoanen.