Lindenoord krijt útstel

07 des 2010 - 11:28

De promininte Wolvegeasters dy't tsjin de ferkeap binne fan Huize Lindenoord, binne bliid mei de útkomst fan de riedsgearkomte moandei. De ried fan West-Stellingwerf hat besletten om de inisjatyfgroep trije moanne de tiid te jaan foar it ynsammeljen fan jild om it gebou sels te keapjen.

De gemeente wol fanwege de hege kosten fan it ferwaarmjen en ûnderhâld fan it monumintale gebou ôf. In groep minsken út Wolvegea wol Lindenoord lykwols behâlde en bea 400 hantekens oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)