In de rige foar spultsje

07 des 2010 - 10:17

Krapoan 50 minsken stiene moandeitejûn tsjin tolven by kompjûtersaak Dynabyte yn Ljouwert foar de doar om sa gau mooglik it nijste kompjûterspultsje te bemachtigjen. De ferkeap fan it ferfolch op de populêre game World of Warcraft gie om tolve oere los.

De fans wachten al moannen op de útwreiding fan it spultsje. Tsjin ienen wiene alle fans foarsjoen fan in eksimplaar. De winkel hat noch genôch spultsjes op foarried foar alle oare belangstellenden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)