Dief mei fleskes parfum pakt
In ynwenner fan Dronten is yn Ljouwerter betrape op stellerij út in winkel. In meiwurker fan de winkel seach hoe't de man fleskes parfum yn syn bûse stoppe en dêrnei de winkel útgie.
De ynskeakele befeiliging koe him oanhâlde en oerdrage oan de plysje. In twadde man naaide by de komst fan de befeiliging út, hy wurdt noch socht.