Marit Bouwmeester oan lieding

07 des 2010 - 09:02
  • Marit Bouwmeester (argyffoto)

Marit Bouwmeester giet nei twa dagen silen yn har Laser Radial oan de lieding by de ynternasjonale regatta fan Sydney. Op de earste dei waard se in kear sechsde en in kear twadde. Tiisdei wûn se alle trije wedstriden. Har broer Roelof Bouwmeester stiet nei fjouwer races op it fjirde plak yn de Laser klasse.

Sail Sydney is foar de Bouwmeesters fan Warten de opmaat foar de earste wrâldbekerwedstriid fan it seizoen. Dy begjint op 12 desimber yn Melbourne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)